Sweering en Bonnema winne Zijlstrapartij.
Jurjen Sweering en Ludo Brink op keninginnedei de earste ledepatij
fan it nije keatsseizoen wûn yn de A-klasse. Sij wienen fierstente sterk
, dat wiisden de sifers wol út. 5-1, 5-2 en yn de finale wûnen se ek al
wer mei 5-1. Jeroen Haringa en Bauke Posthuma wienen folslein útkeatst
en koenen it Jurjen en dy net moeilijk meitsje.
Yn de B-klasse runen Ype Bonnema en Germ Speerstra der fier út.
Tegeare 102 jier âld mar noch sa fit as twa jonge hûntsjes. Mei syn
twaen moasten se it yn de finale opnimme tsjin Nienke Luinenburg, soan
fan Germ, Ate Speerstra en Pieter Harmen Hania. It waard 5-2 6-6 foar de
âlde garde. Yn de earste omloop hienen se it wol knap dreech tsjin
Jurjen Dijkstra, Johan Kaptein en Tine Dijkstra mar mei 5-5 en 6-0 kamen
se wol yn de twadde omloop fan de winners.
Oan it begjin fan de partij koe de keatsferiening syn leden it nije
keatskanon sjen litte. Makke troch eigen doarpsminsken. It rint
geweldich en we hoopje dat de jeugd en ek de senioaren der in soad oan
ha sille om mar better te wurden. Fierder krigen wij noch tsien nije
telegrafen en in nije seecontainer as berchromte. Alle frijwilligers
tige tank.
Folsleine útslach
Winners A-klasse
1 Jurjen Sweering en Ludo Brink
2 Jeroen Haringa en Bauke Posthuma
Ferliezers
1 Peter van Dalfsen en Cor Goeman
2 Douwe Zijlstra en Klaas Jan Rijpma
Winners B-klasse
1 Ype Bonnema en Germ Speerstra
2 Nienke Luinenburg,Ate Speerstra en Pieter H Hania
Ferliezers
1 Jurjen Dijkstra, Johan Kaptein en Tine Dijkstra
2 Erna Kaptein, Tjeerd Wesselius en Wytske Wijbrandy