Zijlstrapartij 30 april 2008

Sweering en Bonnema winne Zijlstrapartij.

Jurjen Sweering en Ludo Brink op keninginnedei de earste ledepatij fan it nije keatsseizoen wûn yn de A-klasse. Sij wienen fierstente sterk , dat wiisden de sifers wol út. 5-1, 5-2 en yn de finale wûnen se ek al wer mei 5-1. Jeroen Haringa en Bauke Posthuma wienen folslein útkeatst en koenen it Jurjen en dy net moeilijk meitsje.

Yn de B-klasse runen Ype Bonnema en Germ Speerstra der fier út. Tegeare 102 jier âld mar noch sa fit as twa jonge hûntsjes. Mei syn twaen moasten se it yn de finale opnimme tsjin Nienke Luinenburg, soan fan Germ, Ate Speerstra en Pieter Harmen Hania. It waard 5-2 6-6 foar de âlde garde. Yn de earste omloop hienen se it wol knap dreech tsjin Jurjen Dijkstra, Johan Kaptein en Tine Dijkstra mar mei 5-5 en 6-0 kamen se wol yn de twadde omloop fan de winners.

Oan it begjin fan de partij koe de keatsferiening syn leden it nije keatskanon sjen litte. Makke troch eigen doarpsminsken. It rint geweldich en we hoopje dat de jeugd en ek de senioaren der in soad oan ha sille om mar better te wurden. Fierder krigen wij noch tsien nije telegrafen en in nije seecontainer as berchromte. Alle frijwilligers tige tank.

Folsleine útslach

Winners A-klasse

1 Jurjen Sweering en Ludo Brink

2 Jeroen Haringa en Bauke Posthuma

Ferliezers

1 Peter van Dalfsen en Cor Goeman

2 Douwe Zijlstra en Klaas Jan Rijpma

Winners B-klasse

1 Ype Bonnema en Germ Speerstra

2 Nienke Luinenburg,Ate Speerstra en Pieter H Hania

Ferliezers

1 Jurjen Dijkstra, Johan Kaptein en Tine Dijkstra

2 Erna Kaptein, Tjeerd Wesselius en Wytske Wijbrandy